Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 04-10-2021.

Hjoed de start fan in nije rubriek mei Sjoerd Hofstee.
Sjoerd wolkom. Do bist selsstandich lânbou-journalist by Persbureau Langs de Melkweg en silst ús wikeliks byprate oer saken die spylje yn in sector die tige yn beweging is. Dat kin we dochs wol stelle, of net?

Ja dankewol Eric.
Seker. Dat kinst wol stelle. Der bart in soad yn de lânbou en der komt de léste jierren echt in protte op boeren ôf. Dat makket it foar de boer komplexer, mar ek foar alle oare boargers om altiid mar goed folgje te kinnen wer boeren mei te krijen hawwe en werom se somtiden reagearje sa as guon fan die boeren dogge.
En derom bist do hjir 😉?

Exact. Ik sil besykjen sa no en dan wat ûnderwerpen iets better te duiden of út te djipjen. Fryslân is immers noch altiid in lânbou-provinsje, dat in bytsje extra duiding nei burgers en buitenlui ta, kin sa no en dan kin gjin kwea, tinkt my.
No heare we de leste tiid fan saken as stikstof, sjogge lilke boeren op trekkers springen en heare boeren klaaien oer tanimmende regeldruk. Mar tegelyk hat bygelyks FrieslandCampina de molkpriis foar dizze moanne alwer knap ferheage. Is it net sa dat de boeren altyd klaaie?
In protte boeren meie, krekt as oare boargers, inderdaad sa no dan graach in bytsje klaaie…
Mar der spylet hjoed de dei echt wol mear. Allerearst is in bygelyks in ferheging fan de molkpriis foar in protte melkfeehâlders ek echt nedich. Ferjit net dat by harren de kosten ek jierliks stijge, wiilst de molkpriis net oan ynflatiekorreksje docht…
Derneist wurdt de wrâld hieltiid komplexer en seker de boerenwrâld. En ast do sprekst fan dé boer dan sis ik; der sit al ien fan de tûkeltjimmen. As der niis is oer boeren op radio of televisie, wurdt der ek faak sein: ‘dé boeren binne foar of dé boeren binne tsjin’, mar it byld dat dermei oproppen wurdt, kloppet net. Ja op 1 oktober 2019, doe hiel Agrarysk Nederlân op it Maliefjild yn Den Haag te finen wie, doe slagge it noch ien kear om nei bûten ta ien ferhaal te presenteren. Derfoar al, mar seker ek nei die dei, slagget dat hieltiid minder.

Wer leit dat oan?

Nim de melkfeehâlderij, yn Fryslân dúdlik de grutste agraryske beropsgroep. In jier of tsien, tweintich lyn belibben de measten derfan it noch sa: wy bin wol in bytsje ferskillend, mar we bin allegear melkfeehâlder; gjin konkurrint, mar kollega’s. Jo wiene lid fan LTO en oars bygeliiks fan de NMV, de sectorale fakbûn.
No kin je lid wêze fan de LTO, de NMV, de Farmers Defence Force, de DDB, AgrActie, Netwerk Grondig en noch wol in pear. Der is hielendal neat mis mei, mar de lieders fan die klubs prebearje allegear har lûd sa goed mogelik heare te litten yn bygeliiks Den Haag en op it Provinsjehûs. En die lûden komme hiel faak net oerien.

Weroer bin de boeren it ûnderling dan wol en net iens?

Wer de grutte mearderheid fan de boeren it ûnderling wol oer iens is ,is dat sy te faak en te folle de swarte piet taspyle krije. Tink bygelyks oan de rop om mear bioferskaat. Boeren ha it idee dat der wol kontinu wiisd wurdt nei harren rol yn mindering fan bioferskaat, mar dat der amper oandacht is foar it feit dat as je hûzen by bouwe, nije diken oanlizze en fluitsjend yn it fleantúch stappen bliuwe, dat dat likegoed it bioferskaat ûnder druk set of faaks noch wol folle mear.
Deroer bin de boeren it dan iens, mar dan komt de fraach: Hoe no fierder en hoe gean we hjir mei om richting die politiek en maatschappij. Guon boeren en belangenbehartigers ha de hâlding: ondanks dat we it faak ûniens binne mei de regering en guon maatskippelike winken ûnrealistisk binne: we moatte troch en derom ast mar heal kin, yn petear bliuwe. It poldermodel, sis mar.
Oare boeren en boerenfoarmannen of froulju sizze: ‘Neat derfan. Ho is ho en wy gean oeral foarlizzen sa lang net dúdlik is wer de ferantwurkelikheid leit.’
De oanpak fan de stikstofproblematiek is hjirfan in foarbyld?
Ja: Partijen as LTO, NAJK, en de súvelbestjoerder wolle mei de regering ûnderhannelje. Sy hawwe dizze simmer ek in plan ynstjinne om, mei help fan innovatie, stikstof te reduceren.
Partijen as bygeliiks de Farmers Defence Force sizze derop: ‘Bin jim besodemietere. Salang der noch altiid net echt bewiis is wat de bijdrage fan de agrariske sector is, wachtsje we op resultaat fan better en earliker ûndersyk oant we ek mar ien stap fierder sette yn dit dossier.’

En dat jouwt spanningen yn boerenkring?
Ja. En in bykommend neidiel is dat de oerheid steeds faker seit: ‘Mei welke boeren praat ik no eins. Wat wolle se no wol en net. Se roppe allegear wat oars.’

Komt it wer goed; komme de boeren wer mear op ien lijn?
Foarearst sjoch ik dat net gebeuren. Derfoar binne de belangen en ideeën momenteel te útienrinnend. Mar dat bestjút net dat boeren en harren belangenbehartigers op guon underdielen ek hjoedtedei wol goed gearwurkje kinne. Gelokkich mar, it is net allinne kommer en kwel.
Wichtigste foar no is om te beseffen: as we it hawwe oer niis rûn boeren of standpunten die boeren ynnimme, kin we net langer sprekke fan dé boer.

Dé boer bestiet net mear. Dúdlik Sjoerd. Takom wike komst wer en dan besprekke we in oar actueel en/of wichtig thema út de agrariske sektor.

‘Ja. Dat dogge we. Oant takom wike.’