Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 20-02-2024.

 

Eric: Goeie Sjoerd.
FrieslandCampina presenteare hjoed har jiersifers oer 2023. In netto ferlies fan € 149 miljoen. Do folgest de súvelwrâld al jierren. Bist do fan dizze sifers skrokken?

Sjoerd: Nee, skrokken bin ik net. Fansels is € 149 miljoen in hiel protte jild, mar it siet der oan te kommen. It earste healjier ferrûn dramatysk foar it súvelkonsern. De molkpriis dy’t hja oan de boeren betelje moasten, lei noch op in frij heach niveau mar de súvelmerk wie doe al op syn retour nei de piek fan ein 2022. Dertroch makke FrieslandCampina mear kosten dan hja fertsjinnen. Dat ha se it 2e diel fan 2023 net mear rjochlûke kinnen.

Mar it is yn safiere wol opmerkelijk, want sa lang as ik by FrieslandCampina kom by de presentaasje fan de jiersifers, en dat is tink dochs ek al wer sa’n 15 jier, ha ik noch nea in netto ferlies meimakke. Dus dat is al efkes slikke en wenne.


Eric: Efkes foar de dúdlikheid. Do seist dat de súvelmerk nei beneden gie, mar dat FrieslandCampina noch wol mear molkjild oan harren boeren, harren leden, betelje moast. Hoe sit dat krekt?

Sjoerd: FrieslandCampina wurket al jierren mei in saneamde garantiepriis. Dat is in gewogen gemiddelde fan oare Europeaske súvelfabrieken. Die priis moat FrieslandCampina oan harren boeren útbetelje. De ûndernimming moat dertroch dus minimaal sa goed draaie as it gemiddelde fan har konkurrinten. Dat slagge oant no ta altiid. De lêste jierren gie dat al dreger, en no slagge dat dus net en draaie se ferlies.

 

Eric: Mar no is der in nije topman, Jan Derck van Karnebeek, en die belooft betterskip. Hoe realistysk is dat, neffens dy?

Sjoerd: Dat is fansels de grutte fraach. Mar hjoed fûlen al in pear saken op. Van Karnebeek woe logischerwiis neat negatiefs sizze oer syn foargonger Hein Schumacher. Dat soe net netsjes wêze, mar kin ek al hiel net omdat die de hjoeddeistige topman is fan Unilever: ien fan de wichtichste klanten fan FrieslandCampina. Mar tusken de regels troch wie Van Karnebeek fry dúdlik: ‘Wy binne te djoer – fandêr dat der 10% fan de minsken útmoatte op koarte termyn – én wy bin net goed organiseare.

Eric: Mar eltse nije topman seit dat dochs en wol wer in eigen strategy útrolje.

Sjoerd: Dat bin ik hielendal mei dy iens, mar Van Karnebeek sei derby dat hy de de topmanagers mear ûndernimmersromte jaan wol. Sadat die op die manier, op ferskate plakken op de wrâld wer FrieslandCampina súvel ferkeapet, mear merk werom winne kinne en mear marge meitsje kinne.

Eric: Dus dat jouwt hoop. In nije topman die mear romte jouwt oan de topminsken yn it bedriuw om bettere resultaten te heljen?

Sjoerd: Enerzijds wol. Dit is namtlik iets wat in protte âld bestjoerders en âld topmanagers ek oanjûn ha as nedige feroaring. Ien die sin jouwt dat dus hoop.

 

 

 

Eric: Maar… do bliuwst wat sceptisch?

Sjoerd: Ja, dat hearst goed. Sjoch, jo kinne wol in strategy feroarje en sizze dat de minsken oars wurkje moatte, mar slagget dat ek mei deselfde minsken? No gean der op de wurkflier in protte minsken út, mar miskien wie it wol better dat just yn de heagere lagen fan de organisaasje de biezem der wat mear troch helle waard. Ik bedoel dermei te sizzen: is kosten snije en nije plannen presentearje genoch, of is der in kultuuromslach nedich…
Boppedat hat Van Karnebeek ek net folle speelromte mear. It negatieve resultaat fan ôfrûne jier hat best sniid yn de algemiene reserves en dat hâlde it konsern echt net lang fol.

Eric: En ik kin my foarstelle dat de konkurinsje fan FrieslandCampina stiekem hjir al om sit te gniizen.

Sjoerd: Dat soe kinne, mar wis is dat de konkurinsje yn elts gefal net stil sit. Sa’n bytsje elts yn de melkfeehâlderij sektor giet derfân út dat der de kommende jierren stapke foar stapke minder molke yn Nederlân, en ek yn Dútslân en België, komt. Dat bestjút dat de súvelfabrieken fjochtsje om de molke en om besteande bliuwende boeren oan harren te bynen.
Ôfrûne jier giene mear as 500 boeren fan FrieslandCampina nei konkurrinten ta. Dat oantal sil yn 2024 net sa heach lizze, mar it mei dúdlik dat dizze sifers de grutste súvelkooperaasje fan Nederlân net helpe. En dat is eins wol spitich foar alle melkfeeboeren. Want de skiedenis leart: as it goed giet mei FrieslandCampina dan profitearet de hiele sektor derfân. Ien dy sin sjoch ik hjoed wol in swarte dei en in hurde warskôching.

 

Vorig artikelStudiereis naar Zuid-Zweden, oktober 2024, meld je hier aan
Volgend artikel‘€ 1.000 voor boer die bewijst dat digestaat goed uitwerkt op koe en bodem’