Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 11-10-2021.


Eric: Sjoerd wolkom.
Wer sil we it oer ha hjoed.

Sjoerd: Goeie Eric.
It spyt my eins al, mar we moat it dochs mar efkes oer Stikstof ha.
Guon minsken kin it wurd net mear heare en dat jildt yn grutte mate ek foar boeren.
Mar, ferline wike sei ik tusken neus en lippen troch dat boeren dy kritiek ha op it belied rûn stikstof, faaks wol in punt ha. In oantal minsken freage my dizze wike wat ik dermei bedoelde.
En omdat stikstof al mear as twa jier lang sa’n bytsje eltse dei de krante hellet, tocht ik: we moat earst mar efkes wat oandacht bestede oan de fraach werom safolle boeren sich, no dus al mear as twa jier, opwynen bliuwe oer dit ûnderwerp.


Eric: Fertel. Want we ha it RIVM dy stikstof útstjit mjit. En derút komt nei foaren dat de feehâlderij de grutste bijdrage levert oan de útstjit fan stikstof. 46 of 41%. Yn elts gefal in heech percentage.

Sjoerd: It punt is dat fanôf it begin fraachtekens setten binne by die percentages en die fraachtekens bliuwe oerein.
Dat komt bygeliiks omdat alle útstjit fan fleanferkear boppe de 900 meter net meirekkene wurdt; omdat stikstof dy’t jierliks frijkomt út de natoerboaiems self net meirekkene wurdt; omdat in hiele protte grutte industrieën net iens in stikstoffergunning hawwe én omdat yn de RIVM-berekkening in foutmarge fan 50 tot 100 procent sit, neffens it oardiel fan it RIVM sels.

Eric: Oké, mar as dat no de beste modellen binne die je foar hannen hawwe. Dan moat je der dochs mei wurkje?

Sjoerd: Der is wat foar te sizzen, mar it probleem foar in protte boeren is dat de regering der no ek al belied op makket. Belied dat seit: boeren jim moat plak meitsje. Fia frywillige opkoopprogramma’s of sels onteigeningsprocedures.
Ik sil in foarbyld jaan hoe dat fylt:
Stel do riidst oer de sneldyk en de oerheid stjoerd dy de folgende dei in brief mei deryn: do ridest 150 km/h. Do seist: kom no, ik ride exact 100. Nee, seit de oerheid, do ridest 150 km/h; Dat ha wy net mjitten, mar op basis fan ús modellen ferwachtsje wy dat it wol klopt. Derom nimme wy no jo riibewiis yn.
Dat is wat der no eins mei de stikstofmodellen bart en wer belied op makke wurdt.

Eric: Ok. Dat kin je as onrechtvaardig bestempelje. Mar bliuwt oerein dat de natoer lijdt ûnder te folle stikstofútstjit.

Sjoerd: Dat soe goed kinne, mar ferline jier is al berekkene dat sels ast út Nederlân alle kij, bargen en hinnen fuort hellest, der gjin auto mear op de dyk riidt, elke fabriek slúten wurdt en de léste minske út ús lân wei emigrearet; leit de stikstofútstjit, mei de huidige normen, noch te heach yn in protte natoergebieden. Die konklúsje is net troch de boeren betocht, mar wurdt ek befestige troch Jan Willem Erisman, hy is dé stikstofdeskundige fan Nederlân.

Eric: Hoe is dat dan mooglik?

Sjoerd: Dat komt omdat de normen bliikber hiel streng binne. Mar ek trochdat de skeadelike stikstofferbyningen, want sa moat je it eins neame, ek fanút it bûtenlân oer ús lân hinne komme en hjir delslaan op ús grûn.

Ja, ik wit it: dit klinkt knap komplex. Mar dat is it ek.

Eric: Wat soene de troch dit stikstofdossier ‘gefrustreerde’ boeren dan wolle neffens dy?

Sjoerd: Wat de boeren wolle is: wachtsje mei belied meitsje oant der mear échte dúdlikheid is fanút dat ûndersyk.
Der is inmiddels in start makke mei ûndersyk werby echt de delslach fan de ammoniak en stikstofoxide, dat bin die skeadelike stikfstofferbiningen, op de grûn mjitten wurdt. Ek wurdt der no mjitten út welke bron de stikstofútstjit echt komt. Om gedegen resultaten te krijen út dit meer ‘toegepaste’ ûndersyk te krijen, bist echter seker noch 1 oant 3 jier fierder. De boeren wolle der dus op wachtsje.
Dat bestjút net dat de measte boeren alle huidige wittenskip hjiroer folledig yn twifel lûke, mar wol hoe de de wittenskippelike ynsichten troch de politiek brûkt wurde.

Eric: It regear wol net wachtsje. Werom eins net, tinkst do of tinke de boeren?

Sjoerd: De measte boeren bin der fan oerstjûge dat it de regering net, of yn elts gefal net allinne, te dwaan is om it beskermjen fan de natoer. Wat hjir geande is, neame we ‘it gefrjocht om de romte’.
Der moat romte komme om mear hûzen te bouwen; der moat diken by en ferbreade wurde om al die minsken yn har gruttere en nije hûzen fan A nei B te ferfieren. En de industry en it fleanferkear moat de romte hâlde omdat die foar mear banen soargje as de pear boeren die no it measte fan de romte opslokke.
Dat is it gefoel dat by de measte boeren libbet en werom we de kommende moannen, of miskien jierren, hjir noch in protte oer heare en lêze sille. Want sa’n gefjocht is net samar beslikke….