Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 18-10-2021.


Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Wer wolst it mei ús oer ha?

Sjoerd: Goeiemiddei Eric. No we koene it maklik opnij oer stikstof ha en hoe dat dossier de boeren ferdield. Hast it ôfrûne wike grif wol oer heard of lêzen yn de krante. It is befêstiging fan de saken wer wy de ôfrûne twa wiken oer praat ha.
Dat der sa’n striid is oer stikstof is spitich; ek omdat it ôfleid fan oare saken. Der is namelik in oar dossier wer boeren sich drok oer meitsje en dat ferstjinnet tink ik momenteel noch mear oandacht yn de media.

Eric: No fertel mar ris dan…

Sjoerd: Ik doel op it 7e actieprogramma Nitraatrichtlijn. In moeilijke term.
Wer it om draait is it grûn en opperflaktewetter sa skjin moochlik te hâlden. Eltse 4 jier moat ús regear in nij programma opstelle om oan Brussel te bewizen hoe se de wetterkwaliteit ferbetterje wolle.

Eric: Dat is net sa raar dochst. Skjin wetter is wichtig foar eltsenien.

Sjoerd: Absoluut. Allinne foldocht it wetter yn Fryslân, en de measte parten fan Nederlân, al lang oan de normen. Sterker noch: jier op jier sitte de measte Fryske boeren fier ûnder de normen. Allinne op in pear plakken op sângrûn, foaral yn it Súden fan Nederlân, wurde de normen soms net helle.
De maatregelen die boeren hjir nimme, lykje prima te wurkjen. Op it ministerie fan Lânbou bin se der bliikber net gerêst op, want yn it nije plan ha se no in pear ‘oplossingen’ skriuwn die de hiele boerenpraktijk op de kop sette.

Eric: Wer moat we dan oan tinke; kinne boeren aasn gjin jirpels of bieten mear ferbouwe?

Sjoerd: Ofst it liuwe wolst of net, mar do slachst de spiker sa’n bytsje op de kop.
Ien fan de maatregelen is dat boeren, tenminste die boeren die op sângrûn buorkje, aasn ferplicht wurde om foar 1 oktober in saneamd ‘vanggewas’ te siedsjen. In vanggewas is in gewas dat ikkerbouwers siedsje om de oerbliuwne mineralen yn de grûn te ‘fangen’. Fandér de namme…
In vanggewas soarget der sa foar dat de mineralen net nei it grûnwetter fuort sipelje mar de folgende maaitiid wer benutten wurde kinne foar de folgende teelt.
It probleem is allinne: de measte jirpels en bieten, en dat jildt trouwens ek foar bygeliiks mais, bin op 1 oktober noch hielendal net fan it lân ôf. Dat kin faak ek net, omdat it gewaaks dan noch net ryp is. En as je jirpels of bieten út de grûn heljen gean die noch net ryp binne, dan bringt dat foar de boer fansels minder op, mar ferlieze je ek in hiele protte mineralen. Dit idee giet dermei dus folledig tsjin de boerenpraktiik yn én sil it milieu en de wetterkwaliteit ek net helpe. Kalenderlânbou, neame we dat.

Eric: En dat is alles of stiet der noch mear yn de plannen dat neffens in protte boeren net oanslút op de praktyk?

Sjoerd: Spitich genoch wol. In oar ûnderdiel fan it foarstel is om langs alle sleatten in bufferzone fan 2 oant 5 meter oan te lizzen. Op die strook mei net jarre wurde of bygeliiks gjin bestriidingsmiddelen op komme. It idee is om sa te foarkommen dat dit yn de feart komt.

Eric: Dat is dochs net sa raar tocht?

Sjoerd: Dat soest miskien tinke, mar der wurdt no al rekkening mei hâlden troch boeren. In protte fan harren ha de léste jierren ek ynfesteare yn machines om noch sekuurder wurkje te kinnen sadat der gjin bestriidingsmiddelen of jarre yn de feart komme kin. Ferjit net: boeren ha sels ek belang by in goede wetterkwaliteit.
En der komt noch wat by: neffens dit foarstel wurdt al die grûn fan die bufferzones net mear meitelt foar de boer syn romte om saken op te ferbouwen. Dat betekent foar in gemiddelde ikkerbouwer sa’n 5% opbringend fermogen dat ôfpakt wurdt en foar greidboeren dat sy minder kij hâlde meie dan no it gefal is. Fandér ek dat de term ‘landjepik’ no folop foarby komt.

Eric: Boeren fine it dus net terjochte dat sy oer ien kam skeert wurde en dat se allegear oan strangere rigels oplein krije. Wyltst bygeliiks yn Fryslân de wetterkwaliteit al prima is.
Ik nim oan dat de boeren en de harren belangenbehartigers hjir tsjin agere?

Sjoerd: Seker. Der bin oant no ta al mear as tuzend beswierskriften ynstjoerd nei yn ministerie fan lânbou. Sels boargers wurde oproppen troch LTO om te helpen beswier oan te tekenen. Sjoch mar ris op de site fan LTO of Youtube. Der fine je in filmke wer de plannen foar de bourger yn dúdlike taal útlein wurde.
Fierder falt it op dat it foaral ek foarútstrevende boeren binne die harren hjir drok oer meitsje. Boeren die folop dwaande binne mei duorsaamheid. Sy ûnderstreape namelik it doel fan skjin wetter, mar sizze: wy wurkje allang oan dat doel en der slagje we ek ruimschoots yn. Werom dan dochs nije maatregelen die ús in protte jild kostje, demotiverende wurkje en ek noch ris net tot nauwelijks bydrage oan dat doel fan in bettere wetterkwaliteit?

Eric: Werom tinkst do dat dat is?

Sjoerd: Al jierren freagje in protte boeren, ek op dit dossier, om te stjoeren op doelen en net op middelen. Ek dit kear liket dat wer net te slagjen.
En werom net? Omdat de regering dat net doart. Ynstelde maatregelen kinne je namtlik elts jier op kontrolearje. As je louter in doel stelle, wit je nea seker dat dat doel ek helle wurdt.
It spitige is allinne dat alle boeren, ek de grutte groep die it best goed wol en docht, derfân de dupe wurdt troch opnij extra regels die ek nochris knap wat jild kostje.

Eric: It léste wurd is der grif noch net oer sein. Tige tank dast ús wer efkes byprate woedest.