Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 07-02-2022.

 

Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Provinsje Fryslân hat in enquête útset ûnder Fryske boeren om út te sykjen wat de boeren al oan natoerinclusieve kringloop lânbou dogge. En wat hja fan plan binne om der mear oan dwaan te gean de kommende jierren.
Wat be-eaget de Provinsje eins mei sa’n enquête; witte se noch net wat de boeren no al dogge en noch dwaan wolle op dit mêd?

Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Al sûnt inkele jierren seit de Provinsje te stribjen nei in foarm fan lânbou die optimaal gebrûk makket fan de natuurlijke omjouwing. En dat neame hja dan ‘Natoerinclusieve Kringlooplânbou’. Wat dat konkreet bestjút, witte we noch hieltiid net. Dat bliuwt diels abstract. Dat punt wol ik sa noch wol efkes taljochtsje, mar by dizze enquête freaget de Provinsje oan Fryske boeren wat hja no al dogge oan ‘natoerinclusief kringloop buorkjen’ en wer de boeren de kommende jierren fierder op ynsette wolle. Hoe hja harren bedriuwsfiering oanpasse wolle.

Letterlik skriuwt de Provinsje dat ferline jier de lânbouaginda 2021 -2030 fêststeld is en dat de miening fan de Fryske boer helpe moat by de útfiering fan dizze aginda. It liket my yn beginsel positief dat de Fryske boer der nei freage wurdt. Al moat ik wol sizze dat ik fan meardere Fryske boeren al heard ha dat sy dizze enquete net krigen ha.

Eric: Ok. De representiviteit is dus faaks noch wol in puntsje fan oandacht.
Mar do sprekst fan ‘It oanpassen fan de bedriuwsfierding nei in mear natoerinclusieve wize fan lânbou’
Wer moat we dan oan tinke?

Sjoerd: No, lit ik dy earst ris freagje: oan wat foar saken tinkst do as der sein wurdt: de lânbou sil mear natoer-inclusief en kringloop wurde?

Eric: De wurden sizze it eins al in bytsje. Natoer-inclusief is mear mei de natoer. En kringlooplânbou dan tink ik oan it wer brûken fan saken, grûnstoffen bygeliiks.

Sjoerd: En wat soe dat dan konkreet betsjúte kinne?

Eric: Euh, efkes tinke.
Dan tink ik oan saken as mear blommen en ferskaat oan kleur en planten yn it lân. Mear bioferskaat dus en minder monokultuur. En ik tink bygelyks oan minder gebrûk fan kûnstdong en gewasbeskermingsmiddelen.  

Sjoerd: Krekt. Dat bin foarbylden die de Provinsje ek brûkt en foar eagen hat. Derneist kinst tinke oan ynset op it behâld fan greidefûgels, minder útstjit fan broeikasgassen en in duorsamer boiembeheer troch bygeliiks gerslân net mear te ploegjen.
Yn de enquête wurde Fryske boeren freage om oan te jaan oft sy der no al op ynsette en yn hoefiere sy ferwachtsje der yn de kommende tsien jier mear op yn te setten.

 

Eric: Ok. Dat klinkt foar my hiel positief; dat de Provinsje de Fryske boeren aktief freaget mei te tinken troch oan te jaan wat hja no al dogge oan natoerinklusieve lânbou en en wat hja fan plan binne. Mar do seist krekt dat it net konkreet is wat natoerinclusief en Kringlooplânbou bestjút. Wat bedoelst do der dan mei?

Sjoerd: De saken die we krekt opsomme, bin punten wer in hiel protte boeren harren yn werkenne sille. Eins eltse ikkerbouwer brûkt minder gewasbeschermingsmiddelen en sil dat de kommende jierren trochsette; der soarget de wetjouwing namtlik foar. Ek sil de mearderheid fan de boeren waarskynlik minder kûnstdong brûke de kommende jierren en oan mear bioferskaat yn it lân wurkje. Dat soarget de merk namtlik foar.
De fraach die fanút de opstelling fan de Provinsje echter ûnbeantwurde bliuwt: by hoefolle minder kûnstdong brûken, binne jo wol natoerinclusief dwaande en wannear net? It selde jildt foar duorsamer boaiemgebûk en it better passen op greidefûgels. Koppele oan de termen natoerinclusief en kringlooplânbou wurdt dat net konkreet makke. It gefolch is dat eltse boer sizze kin: ik buorkje natoerinclusief en neffens de kringlooplânbou prinsipes.

Eric: Dat kin in neidiel wêze inderdaad.
Mar kin it ek sa wêze dat dit just de strategy is fan de Provinsje? Dat se op dizze wize alle boeren prebearje opskowe te litten nei in mear natoerinclusieve wize fan buorkjen
?

Sjoerd: Dat soe hiel goed kinne. En earder wie dat neffens my ek net sa raar tocht.
Mar it is inmiddels wol dúdlik dat de merk en it ferdienvermogen boeren stjoert om de bedriuwsfiering oan te passen. Buorkjen yn Nederlân en Fryslân is oer it algemien in djoere bezigheid mei krappe marges. Tsjinoer oanpassingen moatte dus ynkomsten stean. As jo net dúdlik meitsje wat jo ûnder natoer-inclusief ferstean, is it ek lêstich om fêst te stellen wannear en werom de iene boer wol in fergoeding krije mei en moat, en de oare net.

Eric: De provinsje soe dus dúdlike doelen stelle moatte en op basis derfân fergoedingen of subsydjes jaan kinne oan de boeren dy dy doelen helje.  

Sjoerd: Krekt. Dat wurdt no diels ek al wol dien en besocht, mar neffens my op it terrein fan ynset op natoer-inclusieve lânbou noch te min. En de provinsje kin it gewoan ôfsjen by de merk. Der komme hieltiid mear konsipten by bygeliiks súvel en grienteferwurkers werby boeren extra betelle krije foar harren ynset op duorsaamheid. Der wurde dan fêste ôfspraken oer makke wer’t dielnimmende boeren harren oan hâlde moatte.
As de Provinsje dat ek mear en better dwaan giet, kin we de term natoer-inclusief ek wat better benutte. Ik sei krekt al: no kin en sil eins eltse boer sizze dat hy of sy natoer-inclusief buorket. Dat is miskien ek wol sa, mar it makket it begrip wat hol.

Eric: Dúdlik Sjoerd. As it oan dy leit is der foar de Provinsje en oare beleidsmakkers dus noch wol wat wurk oan de winkel. Dank foar it bypraten en oant takom wike.

Vorig artikelNije records oan lânbou export; in lust of in last?
Volgend artikelPlotselinge honger naar Nederlandse melk