Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 17-01-2022.

 

Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Om út de stikstofcrisis te kommen sette provincies gebiedskommisjes op. It idee is dat boerenbelangenbehartigers sit nimme yn dizze kommisjes, mar no ha we begrepen: dat jouwt spanningen. Lang net alle boeren fine dat in goed idee. Guon drige sels mei stappen nei de rjochter om harren eigen boerenbestjoerders te bestriiden. Wat is der oan de hân?!

Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Dat vermaledijde stikstofdossier. It bliuwt mar werom kommen. Ik kin der ek neat oan dwaan. Mar ik hat oan alle kanten sa folle impact dat wy it der ek hjoed wer efkes oer hawwe.
It Riik wol ek graach fierder en hat derom de route kêzen om yn eltse provincie gebiedskommisjes yn te stellen. Dizze kommisjes moatte in plan smede om ta in leagere stikstofbelêsting te kommen; by namme yn de buurt fan natoergebieden. Boeren meie, troch in sit fan guon fan harren bestjoerders, meiprate. Mar op dat punt wringt no de skûn.

Eric: Hoesa is dat?
Ik ha begrepen dat guon boerenbestjoerders it al in goed idee fine en oaren net? Hoe sit dat krekt?

Sjoerd: De gebiedskommisjes moatte dus in route fine om ta in leagere stikstofbelêsting te kommen. Konkreet komt dat der op del: rûn natoergebieden sillen boeren ophâlde moatte of yn elts gefal minder kij hâlde. Dat sil ien fan de útkomsten wurde, sa kin je wol neigean. Foaral saneamde piekbelasters sille it belije moatte. Mar wa is in piekbelêster? Formeel witte we dat net, die sifers binne privacygefoelich en meie net sa fry jûn wurde. Mar de kommisjes sille dat opfreagje en op basis derfân foarstellen dwaan welke boer ferplaatse of ynleverje moat.
As boerenbestjoerders die taak op harren nimme moatte, omdat sy sit ha yn sa’n kommisje, dan is dat fansels gjin maklike taak. En dan wurde se no al, op foarhân, troch guon collega’s as in soarte fan Judas oanwêzen.

Eric: Ik begryp it. Dat is inderdaad gjin maklike taak foar sokke boerenbestjoerders. En as ik it goed begryp dat binne guon boerengroeperingen sa fûl hjir op tsjin dat hja drige mei de rjochter?

Sjoerd: Dat klopt. It giet om de stichting Stikstofclaim. De namme seit it al in bytsje, dizze organisaasje is oprjochte om tsjin eltse claim op stikstof te ageren. In hiel oantal boeren binne by dizze stichting oanslúten. Sy hawwe sein: wy stelle boerenbestjoerders hoofdelijk aansprakelijk as sy sit nimme en hâlde yn sa’n gebiedskommisje. Mei as argument dat de minsken die sit ha yn sa kommisje deroan bydrage dat guon boerebedriuwen as piekbelêster oanwêzen wurde en dertroch mogelijk onteigene wurde. Harren driging giet best fier. Op social media wurde fergeliikingen oanhelle alsof gebiedskommisjes in soarte Joodse Raad foarmje.

Eric: Dat giet inderdaad wol fier as je it sa heare. Werom wolle oare organisaasjes, sa as LTO, Boerennatoer en de jonge boeren fan it NAJK wol yngean op de útnoeging om sit te nimmen yn de gebiedskommisjes?

Sjoerd: De bestjoerders fan dizze klubs redenearje oars. Sy sizze dat it júst handich en ferstandich is om oan te skowen, omdat jo sa miskien it proces noch sa folle moochlik yn de goede, foar de lânbou dan, kant sjoere kinne. Sy sjogge it sa: as der in in pleats onteigene wurdt om de stikstofdruk, giet der in percentage nei natoerherstel en in percentage komt fry om de lânbou yn in oar gebied romte jaan te bliuwen. LTO en bygeliiks it NAJK sizze derom: as wy oan tafel sitte kinne wy der foar stride om sa’n grut mogelik percentage nei de lânbou ta te krijen; of te behâlden better sein.

Mar intimidearend is it wol in bytsje. Al hawwe ferskate juristen de ôfrûne dagen al witte litte dat Stikstofclaim waarskynlik gjin poot hat om op te stean as it om hoofdelijk aansprakelijk stellen giet.

 

Eric: Werom spilet dizze Stichting Stikstofclaim dit dan dochs sa heeg op?

Sjoerd: Allerearst komt dat neffens my omdat sy fine dat der wachte wurde moat op de resultaten fan ûndersiik hoe skeadelik, of better sein ferantwurdelik, de lânbou no echt is yn it stikstofdossier. Ik ha der al earder oer ferteld; de resultaten fan dit ûndersiik wurde yn 2023 ferwachte. En Stikstofclaim hoopt tink ik mei dizze opstelling it proces te rekken oant der earst mear dúdlikheid is.
En earlik sein krije hja kear op kear nije munitie yn de skutte smiten om tige kritisch te wêzen op meinamme de Riiksoerheid.

Eric: Hoe bedoelst dat?

Ofrûne wike kaam der opmerkelik niis nei bûten. Ut it saneamd WOB-fersyk fan Greenpeace kaam nei foaren dat beleidsambtenaren op it léste momint belangriike warskôgingen weihelle ha út in wichtig stikstofrapport.

Eric: Wat dan bygeliiks?

Sjoerd: Yn de konsiptfersje fan dit rapport stie dat it reëel is dat yn 2030 dúdlik wurdt dat de € 5 miljard foar opkeap fan pleatsen, amper oant gjin positief effect hat op de natoer yn ús lân.
Ek stie yn it konsiptrapport dat it huidige rekkenmodel net goed foldocht en dat de maatregelen die Nederlân nimme wol, net goed ûnderbouwd binne. Beide passages binne yn de eindfersje fan it rapport, dat dernei nei de Twadde Keamer stjoerd is en û.o as wichtich dokumint tsjinje moat foar it wurk fan de gebiedskommisjes, ferdwûn.

Eric: Dat is serieuze oanklacht tsjin ambtenaren as sy derfân fertocht wurde rapporten nei eigen ynsicht op it lêst oanpast te hawwen. Yn dit gefal dus yn it neidiel fan de lânbou.
Ironysk genoch wol oantoand troch in WOB-fersyk fan Greenpeace; dochs meast net sjoen as de grutte freon fan de boeren.

Sjoerd: Kloppet hielendal.
Greenpeace hat de boeren hjirmei, sûnder dat hja dat sels witte koene, in tsjinst fersoarge.

Mar it makket foaral dat it wantrouwen yn de oerheid ûnder boeren yn dit stikstofdossier opnij oanwakkere wurdt.
En as je dan krekt dizze maaitiid fan start sille mei gebiedskommisjes mei deryn ferskate boerenbestjoerders, dan kinst wol neigean dat dat foar harren net sa maklik is.
It toant mar oan hoe komplex dit is en hoefolle spanningen it fersoarget; foaral ek ûnder boeren.

Vorig artikelWa súvel yt, moat ek fleis yte(?!)
Volgend artikelDuizend Jerseys melken in Oost-Duitsland