Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 13-12-2021.

 

Eric: Goeie Sjoerd. Der is in protte te dwaan oer in Europeaske lânboubelied.
Ofrûne wike hast do by oare programma’s fan de Omrop der ek al wat oer sein, mar we stean der hjoed ek noch efkes by stil.

Sjoerd: Goeie Eric.
Ja, de nije plannen foar it GLB (Gemeenschappelijk LandbouwBeleid of Mienskiplik Lânboubelied) bin koartlyn presenteare en yn de Twadde Keamer bestrutsen.
Dat bin de plannen foar in nije periode fan 7 jierren, te beginnen fanôf 2023. It GLB rint yn principe altiid 7 jier en wurdt dan wer oanpast. Dat bart fanôf 2023 dus wer, mar der wurdt no al drok oer praten en dat is ek wer je de léste wiken en kommende tiid oer yn de media heare en lêze.

En as dan oer in Mienskipelike Lânboubelied praten wurdt, komt faak de fraach foarby: werom moat die boeren eins subsidie ha? Werom krije sy stype fan ús belêstingsinten die wy as boargers oermeitsje oan Brussel?

Eric: In logische fraach, liket my?

Sjoerd: Yn beginsel in logyske fraach. Mar ek ien die eins de boel simpeler makket as it is.
Jierliks jouwt ús regering in hiele protte jild út oan saken om it lân goed rinne te litte. De riiksbegrutting foar takom jier seit dat der yn totaal sa’n 350 miljard euro (!) útjûn wurdt.

€ 800 miljoen, in hiele protte jild, mar omrekkene sa’n 0,23% fan it totaal fan die 350 miljard die we mei elkoar út jouwe, komt fia Brussel, neidat we it idd earst sels bekostige hawwe, en wurdt yn de foarm fan taslachrjochten útbetelle oan ús boeren.

Eric: Mar al dat oare jild, al die miljarden, wurde foaral útjûn oan saken as soarch, ûnderwiis en feilichheid. Dat bin saken wer alle boargers in direct belang by hawwe. Dat kin je dochs net fergeliikje mei taslachrjochten foar ‘in pear’ boeren?

Sjoerd: Neffens my kinst dat wol fergeliikje.
En derfoar moat we koart werom nei it ûnstean fan it Mienskipelik Lânbouwbelied, sa’n sechtich jier lyn alwer. Ûnder lieding fan Mansholt is dat doe opset.


Eric: Ja. ‘Nooit meer honger’ waard doe sein.

Sjoerd: Ja, mar der waard iets by sein wat minstens sa wichtich wie én is:
‘Betelber iten foar alle boargers en yn ruil derfoar in garandeare redelik ynkommen foar de boer.’
Konkreet besjutte dat: boeren waarden en wurde stimuleare om genoch iten te meitsjen wat derfoar soarge dat de priizen relatief leech bliuwe. Trochdat de priizen foar iten relatief leach bliuwe, hat sa’n bytsje eltse Europeaan tagong ta sûn, feilich en betelber iten. Dat wie én is de opset noch hieltiid. En yn ruil derfoar kriget de boer taslachrjochten, of subsidie kinst it ek neame, om dit relatief goedkeape iten te produsearjen. Die boer is sa dan wis fan yn elts gefal in lyts diel oan ynkommen, ek as it mei de priizen of troch it waar ris tige tsjinsit.
Yn dizze diskusje kin je eventueel dus ek sizze: wat moai dat wy foar sa’n bytsje jild (sirka 0,23% fan alle jild dat regear jierliks útjouwt) eltse dei genoch feilig en betelber iten op tafel ha te stean.

Eric: Mar de wrâld stiet der no dochs hiel oars foar as fiiftich, sechtich jier lyn?
Nederlânske boeren produsearje folle mear as wy mei elkoar op kinne.

Sjoerd: Dat klopt; de wrâld stiet der no hiel oars foar.
En dat is ek precies de reden werom in mienskipelik lânboubelied eltse 7 jier hersjoen wurdt en feroaret.
Krigen de boeren triitich jier lyn noch heagere subsidies en waard alles útbetelle op basis fan wat hja produsearen, no is dat al lang net mear sa. Mear produsearje betekent net langer ek 1 op 1 mear subsydsjes. Boppedat moat boeren foar de subsidies oan hieltiid strangere duorsaamheidseisen foldwaan. Yn 2023 wurdt dat dus opnij knap oanskerpe.

Eric: Is dat dan net terjochte?

Sjoerd: Der kin je ferskillend oer tinke. Dat mei ek en dat bart fansels ek.
Sels tink ik dat it net sa frjemd is dat in mienskipelike lânboubelied hieltiid wat mear freaget fan boeren. Mar hjirby mis ik te faak dat we yn dizze diskusjé de Nederlânske bril wat faker ôfsette en it fanút in EU-blik besjogge.

Eric: Hoe bedoelst dat krekt?

Sjoerd: Dermei bedoel ik ûnder oare dat wy yn Nederlân in hiel protte minsken op in lyts opperflak ha te wenjen en ek in hiel protte molke, fleis, ierpels en blommen produsearje. Yn in protte EU-lânnen is dy situaasje hiel oars. Sy sjogge dan ek hiel oars nei harren boeren en de stype dy’t hja krije.
Koartsein komt it der yn in protte EU-lânnen op del dat se tige bliid binne dat der noch boeren binne die harren plattelân leefber hâlde. It regeer yn lânnen as Eastenriik en Polen jouwt harren boeren dan ek beste subsidies boppe op de taslachrjochten út Brussel.
Om die reden bin de Nederlânske boeren en belangenbehartigers der ek fûl op je de basispremie, it jinge wat eltse boer kriget, heach hâlde en de ferskate EU-lânnen net te folle romte te jaan om sels te beslúten hoe se it Europeeske jild ferdiele oer in hiele plattelân. Dat is namelik al wat der no mear bart en dermei komt de konkurrintsjepositie fan de Nederlânske boer, ten opsichte fan syn Europeaske kollega’s, fierder ûnder druk te stean.

Eric: Folledich ôfskawwe fan alle die Europeaske subsydsjes sjochst do dus noch net gau barren.

Sjoerd: Nee. Dat sjoch ik der noch net fan kommen.
Yn Nederlân wurdt der, ek troch boeren, hieltiid faker sa oer tocht en oer praten. Mar ik kin dy ferseakerje: yn in protte EU-lannen libbet dat absoluut sa net.
Yn die sin kinst ek sizze dat de nije plannen, foar de ynfûlling fan it mienskipelike lânbouwbelied fanôf 2023, moai past by in Nederlânske poldermodel: De boer hâldt rjocht op it grutste part fan de Europeaske taslachrjochten en de boarger sjocht in grutter part fan syn of har belestingjild brûkt wurden foar ynset op in noch duorsamere produskje fan it iten.

Eric: Niisskjirrich om mei te nimmen yn in diskusje oer iten as we aasn oan it Krystmiel sitte.
Tige tank en oant de oare kear.

Vorig artikelMarijke Everts: ‘Zo verkeerd doen we het niet’
Volgend artikelHoefolle ferstjinnet in boer?