Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 08-11-2021.

 

Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
It rommelt by de mulitinational FrieslandCampina, mar no ha se in ervaren Fries ree fûn om ‘orde op saken’ te stellen. Ha ik dat sa goed begrepen?

Sjoerd: Ja Eric, hielendal..
Wat is der oan de hân. No best in hiele protte by FrieslandCampina en dat sil ik sa fertelle.
Mar inderdaad: as der gjin ûnferwachtse kink yn de kabel komt dat wurdt Sybren Attema út Heech kommende freed foarsitter fan de koöperaasje FrieslandCampina. En dat is best bysûnder.

Eric: Hoesa? In Fries as lieder fan FryslânCampina. Dat klinkt logysk. Of bin ik no wat al te sjofinistysk 😉

Sjoerd: In bytsje sjofynisme liket my net folle mis mei. Attema is trouwens aasn net de ienige Fries yn haadbestjoer fan Fryslâncampina; ek Hans Hettema út ’t Heidenskip en Elze Jellema út Smellebrêge har der in sit yn. Dizze koöperaasje is eigenaar fan it bedriuw FrieslandCampina dat in jieromset fan rom € 11 miljard draait en wer oer de hiele wrâld sa’n 23.000 minsken wurkje. Elts kin waarskynlik wol de grutte molkauto’s, mei ‘Campina’ of ‘FrieslandCampina derop, die dei en nacht troch in lân ride. It is echt in grut en beeldbepalend bedriuw en der foarsitter fan wurde is dus net neat.

Mar der is iets oars dat de beneaming fan Attema tige bysûnder en sels uniek makket: Attema is sels gjin melkfeehâlder mear. En oant no ta skriuwe de statuten foar dat jo actief boer wêze moatte om sit te hawwen yn it bestjoer fan de koöperaasje. Speciaal foar Attema wurde de statuten oanpast.

Eric: Die Attema moat wol hiel bysûnder wêze. Wat makket him sa speciaal?

Sjoerd: Do soest Attema fergelykje kinne mei Louis van Gaal. As jongere minsken erfaring misse of te licht befûn wurde foar in alvetal yn ferfâl, wurdt Van Gaal weromhelle.
Sa ist mei Attema ek in bytsje. Yn 2008 is FrieslandFoods fuseare mei Campina; Attema wie doe foarsitter fan FrieslandFoods. Oant 2010 is hy by it nij foarme FryslânCampina vice-foarsitter bliuwn. Hy koe doe gjin bestjoerder bliuwe om’t hy syn melkfeebedriuw yn Abbegea ferkocht.

No is der echter al wer in tiidsje ‘stront oan de knikker’ by FrieslandCampina en wurdt Attema, as in soarte fan âlde rot yn it fak, ynroppen om hopelik de rêst wer werom keare te litten en de leden binnen board te hâlden.

Eric: Wat is der dan allegear oan de hân by FrieslandCampina?

Sjoerd: In ‘kombinaasje fan faktoren’, neame we dat dan. Allerearst meitsje in protte leden fan FryslânCampina harren soargen oer de resultaten fan it bedriuw; die falle al in pear jier tsjin. Der wurdt amper winst makke. Mar mear noch meitsje in protte leden-melkfeehâlders sich soargen, of eins ergerje hja harren yn tanimmende mate, oan de bemoeienis fanút de súvelfabriek. Die leit hieltiid mear en nije regels op ooa har leden.

En der komt nochris by dat in protte oare fabrieken momenteel graach nije leden-melkfeehâlders oan harren bine wolle.


Eric: Werom leit FryslânCampina har leden dan hieltiid mear regels op?

Sjoerd: It gjit hjirby om de ynset op duorsamens.
De lieding fan FryslânCampina seit: wy moatte wol hieltiid mear en strangere regels oan út leden oplizze want ús klanten freagje hieltiid mear. Die klanten fan FryslânCampina binne de konsuminten mar yn earste plak bygeliiks ek Unilever, Nestlé en sok soart grutte voedingsmiddelenconcers.
Om ús molke goed ferkeapje te kinnen, ha wy gjin oare kar.
In protte boeren sizze: jim oerdriuwe mei jim regels en wolle fierstente hurd. Dat wurket foar ús net. Want wy moat hieltiid mear dwaan wylst wy neat extra’s krije foar die extra ynset..

Eric: Oké. En dat wringt tusken de lieding fan FryslânCampina en guon fan har leden.
En derom rinne der dus sels melkfeehâlders by FryslânCampina wei nei oere fabrieken; die dizze leden ek wol oernimme wolle?

Sjoerd: Ja. Dit jier ha mar leafst 239 melkfeehâlders FryslânCampina farwol sein. Dat is in protte want oare jierren gie it meast om net mear as om ien of twa hântsjes fol.
En der komt wat by: oare fabrieken dogge hieltiid better har best om melkfeehâlders oan sich te binen. Wa goed oplet sjocht de léste jierren al in grutter ferskaat fan merken op molkeauto’s troch Fryslân riden.
Want hoewol in protte minsken noch altiid lykje te liuwen dat der de lêste jierren mear kij bykaam binne, is dat perfoast net wier. Der bin yn Nederlân no 10% minder kij as 5 jier werom. En ek de totale molkproduksje rint yn Nederlân inmiddels wer werom. Dat set de kommende jierren noch wol efkes troch. En derom wolle in protte fabrieken graach melkfeehâlders oan sich bine en levering fan molke feilich stelle.

Eric: Omdat Nederlânske sa bysûnder is; better as bygeliiks Dútske molke?

Sjoerd: Liuw it of net, mar sa is it eins wol. Ús melkfabrieken wolle it leafste Nederlânske molke want die stiet in heachste oanskriuwn. Yn eigen lân en yn it bûtenlân. Somtiden as je de krante lêze of nei guon tv-programma’s sjogge dan kin je miskien it idee krije dat der nochal wat oan de Nederlânske boeren en harren produkten mankearet. En op ûnderdielen kin en moat der grif ek noch wol hiel wat stappen setten wurde de kommende jierren. Sa as dat altiid west hat.
Mar feit is dat yn de merke de Nederlânske molke, krekt lyk as jirpels en blommen bygeliiks hjer, tige populair binne.
En om die reden sil Sybren Attema der dus ek alles oan dwaan wolle om de leden te behâlden foar FryslânCampina.

Eric: Sybren Attema. In namme die we de kommende tiid dus faker heare sille. We sille him folgje de kommende tiid.  It Fries oan de lieding by FryslânCampina; ik fyn it dochs wol lekker klinken…;)
En wat fragen hat oan Sjoerd oer lânbou relateare saken: mail nei underweis@omropfryslân.nl.
Tige tank Sjoerd en oant nije wike.

Sjoerd: Oant nije wike.