Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 25-10-2021.


Giet Frans Timmermans regeljen dast do en ik biologisch iten keapjen gean mei in mearpriis?

Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Hjoed gjin politiek? Of eins dochs wol..?

Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Klopt. Ik hie my foarnommen hjoed efkes net oer lânbou yn relaasje tot politiek te praten, mar ik kin der nei ôfrûne wike net hielendal omhinne.
En dat hat te meitsjen mei de Farm-to-Fork strategie. Of yn it Frysk: Boer-oant-Panne-strategy.
Hiest der wolris fan heard tink?

Eric: Seker. En ferline wike ha ik lêzen dat it Europeeske Parlemint foar dizze strategy stimt hat.
Hiest do dat ferwachte? En wat hâldt it eins yn?

Sjoerd: It is wol ferrassend dat der yn grutte mearderheid foarstimd is, mar eins seit dat noch net safolle. Yn Brussel en Straatsburg kin en sil der de kommende jierren noch in protte oan skaafd wurde en ek wol feroarje. Mar in oantal haadlinen út dizze strategie, die be-eaget dat Europeanen duorsamere lânbou bedriuwen gean én duorsamer iten gean, bin wol niisskjirrich.
Ien punt pik ik der efkes út. Om te sjen wat dat foar ús as boarger bestjút: it stribjen om yn 2030 25% fan it lânbou-areaal biologysk te meitsjen.
We bin no 2021. Hoefolle % tinkst do dat it no is?

Eric: Ik wit it net krekt; 10%?

Sjoerd: Foar hiel Europa sist der net iens safier ôf. It percentage leit dan krekt ûnder de 9%.
Mar dat giet de léste jierren mar hiel stadich omheach. En dan ha we it noch net oer Nederlân.  Der leit it percentage biologyske grûn ûnder de 4% fan it totaal.


Eric: Ok. Efkes rekkenje. Binnen 9 jier moat der yn Europa dan dus mear as 2,5 kear safolle grûn biologysk wurde; as die ambities fan Frans Timmermans útkomme sille. Dat klinkt…: ambitieus.

Sjoerd: Exact. Dat is tige tige ambitieus. En dat giet ek net slagjen.
Want hjirby spilet noch wat oars: 2,5 kear safolle biologyske grûn bestjút ek 2,5 kear safolle biologyske produkten. En wa moat dat ite tinkst?

Eric: Ja, wy tink.

Sjoerd: Exact. Wy as boargers, as konsuminten, moatte dan binnen 9 jier 2,5 kear safolle biologysk iten keapje en dus dúdlik minder produkten út de gongbere lânbou.
Mar hoefolle % tinkst do dat der ferline jier yn de supermerke oan biologyske producten ferkocht waard?

Eric: Net al te folle bin ik bang, ast it sa fregest

Sjoerd: Klopt hielendal.
3,26% om krekt te wêzen. En it jier derfoar 3,21%. Elts jier giet it percentage wol iets omheach, mar echt mei mini-mini-stapkes.
Eltse kear bliikt wer: de konsumint is mar yn tige beperkte mate bereid om mear foar duorsaamheid te beteljen. Of dat no biologysk is of fia in oar keurmerk.

Eric: Dan kin je ek sizze: goed dat Europa, ûnder lieding fan Frans Timmermans, de latte knap heech leit. Oars komt der dus bliikber nea wat fan telâne.

Sjoerd: Dat kinst yndie tinke en sizze. Nei myn idee is it ek net sa raar dat ek de politiek har best docht om de minsken wat duorsamer ite te litten.
Allinne: As je dat dogge sa as Frans Timmermans wol, troch de biologyske merke forseare sneller groeie te litten, wurde miskien de gongbere boeren, mar seker de biologyske boeren, de dupe.

Eric: Hoe dat sa?

Sjoerd: De biologyske merken foar molke, fleis en grienten bin no gruttendiels ôfskerme merken. Dat wol sizze: der wurde net mear boeren talitten dan dat der fraach út de merke is. Der bin dan ek faak wachtlisten fan boeren die graach omskeakelje wolle, mar no noch net by in ferwurker telâne kinne.
Om die reden slagget de biologyske merke der ek noch altiid yn om foar de hjoeddeistige biologyske boeren in mearpriis foar harren produkten út de merke te heljen.
Dat moat ek, want biologyske produktsje is eins altiid djoerder. Net allinne omdat der faak minder opbringst per ko of hectare helle wurdt, mar ek omdat it meastal mear (djoere) arbeid kostet.

Eric: En as der op in forseare wize fersneld mear biologyske producten op de merke komme dan stoart de priis yn?!

Sjoerd: Krekt. Der bin ik bang foar. Of Europa moat in hiele protte accijns op biologysk iten sette en dat dan brûke om de biologyske boeren it te koart by te beteljen. Dat klinkt miskien nobel, mar giet net slagjen. Altearst; as Europa en al har lidstaten net allegear harren eigen regels oer merke-interventie en hannelsferdragen skeine sil…. Ik bedoel: Europa mei dat no hielendal net dwaan; se mei net in part fan de boeren stypje mei serieuze priisûndersteuning. It kin in politieke kar wêze om dat wol wer te wollen, mar we libje noch altiid yn liberaal oanstjoerd economysk stelsel. Ik sjoch dat derom net gebeuren.

Eric: Koart gearfetten. Neffens dy klinkt it plan fan Frans Timmermans faaks wol nobel, mar net al te realistysk en is it waarskynlik ek net yn it foardiel fan de hjoeddeistige biologyske boeren.

Sjoerd: Sa ist mar krekt. Wa echt wol dat der in fersnelling komt nei in duorsamere lânbou én in duorsamere manier fan iten, moat sels yn de supermerke oare keuzes meitsje.
Dat jildt foar biologysk dat jo kieze kinne; krekt lyk as bygelyks lokale/streekprodukten. De keuze is foaral oan ús as konsuminten hoe de merke sich ûntwikkelt.

Eric: Helder. Dúdlik Sjoerd. Tank wer foar dyn ferhaal en taljochting.

Sjoerd: Do ek bedankt.
En noch ien ding. Ik fertel eltse wike wat oer in ûnderwurp realteare oan lânbou, mar faaks ha minsken thús, die no by de radio sitte, ek wol fragen oar lânbou-saken wer se graach ris wat mear oer witte of heare wolle. As dat sa is, dan hear ik dat graach.

Eric: Ja. Wa fragen oar lânbousaken hat en die oan Sjoerd foarlizze wol, kin maile  nei… @omropfryslan.nl. Wy soargje je dan dat se by Sjoerd komme.